"Fantastysk dat Nederlân wer in wrâldkampioen damjen hat"

16 des 2016 - 07:13

It is prachtich foar de damsport dat Nederlân nei 32 jier wer in Nederlânske wrâldkampioen hat. Dat seit de Fryske dammer Rein van der Wal út Surhústerfean.

De 23-jierrige studint Roel Boomstra út Grins wûn tongersdei yn Schevingen de lêste wedstriid tsjin Jan Groenendijk. "It wie in bytsje in saaie lêste partij, want Boomstra hie oan in remize genôch.Hy naam dus ek gjin inkeld risiko. Groenendijk moast wol wat besykje, mar makke in flater. Boomstra strafte dat fuort ôf."

Flanken

De oare partijen wienen wol moai, seit Van der Wal. Beiden hawwe neffens de dammer harren eigen taktyk. "Boomstra behearsket it sintrumspul hiel goed. Groenendijk spilet oer de flanken. Hy omsingelet de saak."

Van der Wal seit dat it tige wichtich is dat Nederlân nei 32 jier wer in wrâldkampioen damjen hat. "Benammen ek foar de jeugd. We ha de ynput fan jongerein nedich. Sjoch mar nei Boomstra. Hy is no 23, mar dit wie al 10 jier lang syn grutte dream. It dambûn hat him de ôfrûne jierren begelaat nei dit WK."

23 jier

Boppedat, seit Van der Wal, is der in opfallende oerienkomst. Meardere Nederlanners dy't de wrâldtitel pakten, dienen dat doe't se 23 jier âld wienen. "Ton Sijbrands, Piet Rozenburg, Harm Wiersma en no Roel Boomstra ek."

De lêste twa Nederlânske wrâldkampioenen kamen út Fryslân. Yn 1982 mocht Jannes van der Wal út Driezum him noch wrâldkampioen neame en yn 1984 wie dat Harm Wiersma út Ljouwert.

(advertinsje)
(advertinsje)