Cambuur en Hearrenfean spylje beide in útwedstriid

16 des 2016 - 01:08

De beide Fryske betelle fuotbalklups ha foar de kwartfinale om de KNVB beker in útwedstriid lotte. SC Cambuur, tongersdeitejûn te sterk foar Ajax, moat it ein jannewaris opnimme tsjin FC Utrecht. SC Hearrenfean moat nei Alkmaar foar de wedstriid tsjin AZ. De wedstriden wurde spile op 24, 25 en 26 jannewaris 2017.

(Advertinsje)
(Advertinsje)