Fertrouwen yn sikehûs Sionsberg is werom

15 des 2016 - 23:06

It fertrouwen tusken alle partijen belutsen by sikehûs Sionsberg yn Dokkum is werom. Fan no ôf moat it wer gean om de pasjinten en it opsetten fan goede soarch. Dat wie it boadskip op in ynformaasjegearkomste tongersdeitejûn yn Dokkum.

De spesjalisten, húsdokters, direksje fan Sionsberg en De Friesland Zorgverzekeraar praten dêr bewenners fan de regio by oer de gearwurking en de takomst fan de soarch yn it sikehûs. Der waard útsprutsen dat de bertesoarch weromkomt nei Dokkum.

Utsein de befalling sels kin froulju dêr yn de takomst foar alle oare soarch te plak. Ek wurdt de kommende tiid praat oer it ynrjochtsjen fan 24-oers soarch. It giet dan om help foar bygelyks minsken mei in brutsen skonk. Minsken mei slimme ferwûningen wurde oerbrocht nei de sikehuzen fan Ljouwert of Drachten. Neffens húsdokter Van der Bremer fan Damwâld kinne pasjinten aanst hast foar alle soarch wer te plak yn Dokkum en hoecht hy net ien mear troch te stjoeren nei oare sikehuzen yn de buert.

Trefwurden: 
Sionsberg Dokkum
(Advertinsje)
(Advertinsje)