Hulshoff fol lof oer Cambuurspilers: "Dit is fantastysk!"

Trainer Sipke Hulshoff fan SC Cambuur hie tongersdei allinnich mar lof foar syn spilers nei de histoaryske 2-1 oerwinning op Ajax. Troch de winst binne de Ljouwerters in ronde fierder yn it toernoai om de KNVB-beker.
"Kompliminten oan de jonges. Se hawwe eins alles útfierd sa as we it hiel graach sjen woene. We ha mei lef fuotballe, we ha opboud fan achterút en we ha druk set dêr't we druk sette koene. Se ha der alles oan dien om in goed resultaat derút te slepen. Dit is wat we graach woene. Fantastysk!"
Dochs sjocht Hulshoff alwer foarút nei de folgjende wedstriid, kommende snein tsjin RKC. "We meie even neigenietsje no, mar snein is hiel belangryk. Wy wolle yn de top 5 einigje. As we snein net winne dan wurdt dy ôfstân wol wer grut en moatte we wol hiel hurd knokke nei de winterstop."
Neffens doelpuntemakker Martijn Barto is der in haadstik bykommen yn de skiednisboeken fan Cambuur. "Dit was een avondje om nooit te vergeten." Hy makke beide goals foar de Ljouwerter klup.