Kulturele Haadstêd selektearret 840 plannen foar 2018

15 des 2016 - 21:33

Der binne 840 plannen selektearre foar Kulturele Haadstêd 2018. Oant no ta kamen der sa'n 1200 ideeën foar 'mienskipsprojekten' binnen en dat tal nimt stadichoan noch hieltyd ta. De organisaasje filteret de kommersjele aktiviteiten en ferhoalen sollisitaasjes derút. Fan de 840 oerbleaune plannen is sa'n bytsje de helte spesjaal betocht foar KH2018. De oare helte bestiet út besteande eveneminten, lykas iepenloftspullen, doarpsfeesten, keunstrûtes en alvestêdetochten op alle mooglike manieren.

It is in grut ferskaat oan ideeën dat libbet yn de provinsje. Foarbylden binne:

- It ôfbouwen fan it oarspronklike ûntwerp fan de Aldehou
- Minsken fan Talant mei in opera oer Mata Hari
- De 'biggest lipdub ever' yn Ljouwert
- 'Hear the night', in akoestysk belibjen fan de nacht
- It Frysk en oare minderheidstalen op de muorren fan de Blokhúspoarte
- Keunst fan pjutten yn it Fries Museum
- In 'Oade oan de ko'

en gean sa mar troch.

(advertinsje)
(advertinsje)