Militêr konfoai ôfreizge fan Ljouwert nei Litouwen

In konfoai fan mear as tritich militêre frachtauto's is fan de fleanbasis yn Ljouwert ôf  ûnderweis nei Litouwen. Se ferfiere guod dat nedich is foar de F16's dy't fan jannewaris ôf de loft boppe Estlân, Letlân en Litouwen bewake sille. Dy lannen ha gjin eigen strieljagers en dêrom skeakelje se oare NAVO-lannen yn.
Nederlân is de earste fjouwer moannen fan takom jier oan bar. De lêste fjouwer moannen fan 2014 wienen ek foar Nederlân. Doe stiene de strieljagers yn Poalen.