Ljouwerter plysje fynt 156 lege potten yn himpplantaazje

Himp © Omrop Fryslân
Yn in wenning oan de Pieter Stuyvesantwei yn Ljouwert ha plysjes tongersdei in himpplantaazje oantroffen. De doar wie iepenbrutsen en der wiene hast gjin planten mear, mar der stiene wol 156 lege potten. De plysje tinkt dat der sprake is fan in saneamde ripdeal. Dat is in deal tusken kriminelen wêrby't de iene berôve wurdt troch de oare. Dy naait dan út mei it jild én de drugs.