Oanhâlding nei ûntfiering

Plysje © ANP XTRA
De plysje hat yn de nacht fan sneon op snein twa manlju fan 46 en 48 oanhâlden op fertinking fan ûntfiering. In 58-jierrige ynwenner fan Nijkerk yn Gelderlân soe meinaam wêze troch de twa manlju. Dêrby soe mooglik in wapen brûkt wêze. De manlju binne bekenden fan de Nijkerker.
It slachtoffer waard yn Oerisel út de auto set, wêrnei't er de plysje warskôge. Aginten folgen de auto dêrop oer de A28 nei Fryslân. By Wurdum koene de manlju oanhâlden wurde.