Ferkearsdrokte yn doarpen bot ôfnaam troch Sintrale As

15 des 2016 - 19:53

Der ride de helte minder auto's troch de doarpen dy't ûntlêst wurde troch de Sintrale As. Dat docht bliken út ferkearstellings fan de provinsje. Yn Damwâld rieden der foar de komst fan de Sintrale As 12.000 auto's en frachtweinen deis troch it doarp. Sûnt de iepenstelling fan de nije dyk bin dat der noch mar 6.000.

Op de dyk tusken Quatrebras en Burgum rideek folle minder auto's. Deis wiene dat der 12.500, no noch gjin 6.000. Dochs moat der noch mear ferkear oer de nije rûnwei by Burgum komme. Dêr ride no deis 14.000 ferfiermiddels en dat binne der noch hieltyd te min.

Dochs is projektlieder Ben Boersma mear as tefreden. Op guon plakken wurde de oantallen al helle dy't foar 2020 foarsein bin. Dochs ferwachtet Boersma dat de ferkearsdrokte yn de doarpen noch fierder ôfnimme sil as de âlde dyk oanpast is. Dy werynrjochting set ynkoarten útein.

De nije rûnwei om Hurdegaryp hinne is noch net meinaam yn dit ûndersyk. Mar, sa seit Boersma, yn it doarp kin je al fernimme dat minsken de nije rûnwei goed fine kinne.

Trefwurden: 
ferkear Sintrale As
(Advertinsje)
(Advertinsje)