FIDEO: Spesjale cartoon foar 60e jierdei Piet Paulusma

15 des 2016 - 19:40

Piet Paulusma is jierdei. Je soene it net sizze, mar ús waarman is tongersdei sechstich wurden. Op de Facebookside fan Omrop Fryslân hat Paulusma hûnderten felisitaasjes krigen fan syn fans. Us hûscartoonist Gerko van Beek makke in spesjale cartoon foar him. Hy docht dat ek alle tiisdeis foar it politike telefyzjeprogramma It Polytburo.

(Advertinsje)
(Advertinsje)