Studinten organisearje benefytdiner foar Serious Request

15 des 2016 - 19:05
Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

De aksje Serious Request fan stjoerder 3FM soarget der ek yn Fryslân foar dat der minsken yn beweging komme foar it goeie doel. Ditkear is dat it tsjingean fan longûntstekking by bern yn Afrika. Tongersdeitejûn wie der yn Ljouwert in benefytdiner yn restaurant Wannee, ûnderdiel fan de Hegere Hotelskoalle en Stenden. Dêr studearje ek minsken fan de Reade Krús Jongerendesks en sy ha it diner organisearre. In grut part fan de it bedrach dat de gasten betelje, giet nei it goeie doel ta.

De stipers krigen trije gongen mei twa konsumpsjes, wêrûnder in "Friese modder met suikerbrood wentelteefjes en koffieroomijs".

(Advertinsje)
(Advertinsje)