FIDEO: "Stipe is moai, mar net genôch om klap op te fangen"

15 des 2016 - 18:43

Doe't Hans Hazenberg fan Abbegea ôfrûne moandei ien fan syn stâlen binnen stapte like neat der op dat it in ôfgryslike dei wurde soe. De hinnen keakelen like lûd as oars. Mar doe't er healwei de stâl wie, waard it stiller. Hy tocht fuortendaliks: dit is goed mis. Dyselde dei noch waard fûgelgryp konstatearre. No is it stil yn it bedriuw. Woansdei waarden de 63.000 hinnen romme. Fergast en mei tûzenen tagelyk ôffierd.

Klap

De emosjonele skea mei grut wêze, ek finansjeel binne der troch it útbrekken fan de fûgelgryp soargen foar Hazenberg, nettsjinsteande it spesjale fûns dat troch de sektor ynsteld is om troffen boeren helpe te kinnen. "De stipe is moai, mar noait genôch om de klap op te fangen", sa seit de lishinneboer.

Fraachtekens

Hazenberg stiet no foar grutte fraachtekens, want hoe koe it de H5N8-firus syn bedriuw berikke? "Wy hawwe alle maatregels naam dy't je mar betinke kinne. De stâlen sieten hielendal ticht. Spesjale petten foarkomme bygelyks dat in fûgelpoepke yn de fentilaasjepipen komt. It dak is dizze simmer folslein renovearre en is luchtticht makke."

"Kollega's binne ûnwis wurden troch it útbrekken fan de fûgelgryp hjir. Se sizze, as it jim al oerkomt, in bedriuw dêr't al sa goed op de hygiëne past wurdt, dan binne wy ek net feilich mear."

Dreech

De kommende tiid sil dreech wurde foar de ûndernimmer, pas oer in lange tiid ferwachtet er wer leven in syn stâlen yn Abbegea. "Earst moatte we de kommende 14 dagen folslein op slot. Dan folgje trije moannen leechstân en dan komme de saneamde ferklikhinnen. Dy 'ferklikke' oft it firus noch yn de stâl sit. Dêrnei kin ik pas nije hinnen bestelle en dan bist dus al in healjier fierder."

Trefwurden: 
Fûgelgryp Abbegea
(advertinsje)