Achmea wol lanlik 2000 banen skrasse

15 des 2016 - 18:17
De Achmeatoer yn Ljouwert

Fersekerder Achmea skrast de kommende jierren lanlik sa'n 2000 banen. Dat skriuwt it bedriuw yn in ynterne meidieling. Neffens de NOS stiet dêryn dat it bedriuw net winstjouwend genôch mear is. De kosten moatte dêrom mei sa'n 200 miljoen nei ûnderen brocht wurde en dat kin allinne troch ek yn it tal wurknimmers te snijen.

De banen ferdwine yn de kommende trije jier. Achmea hat ûnder oare fêstigingen yn Ljouwert. Ek Avero en FBTO falle ûnder Achmea. De ôfrûne jierren joech it konsern al 4000 minsken dien.

Trefwurden: 
ûntslach Achmea
(Advertinsje)
(Advertinsje)