Jurgen Streppel: "Larsson en Schaars zijn inzetbaar"

15 des 2016 - 18:16

Neffens Hearrenfean-trainer Jurgen Streppel binne Stijn Schaars en Sam Larsson foar de wedstriid fan freed tsjin Willem II ynsetber: "Schaars gaan we morgen nog even bekijken, Larsson is inzetbaar." Tiisdei yn de bekerwedstriid tsjin IJsselmeervogels spile Schaars net mei en foel Larsson yn, Hearrenfean mist noch altyd wol Jeremiah St. Juste, Shay Facey en Henk Veerman.

Mooglike opstelling: Mulder, Marzo, Van Aken, Bijker, Cavlan, Schaars, Kobayashi, Van Amersfoort, Zeneli, Reza en Larsson.

Streppel werom nei syn âlde klup

Jurgen Streppel keart freed werom by syn âlde klup Willem II. Streppel hat fiif jier lang trainer west yn Tilburg. "De telefoon staat roodgloeiend deze week, maar verder leeft het niet extra. Als ik daar straks binnenloop, zal dat wel anders zijn."

Willem Huizing sjocht om nei oare opsjes

Willem Huizing fan De Harkema spilet de lêste moannen net mear. "De trainer sjocht it blykber net yn my sitten. Ik krij op dit stuit gjin kâns." Nei de earste wedstriid fan dit seizoen tsjin AZ, wêryn de no 21-jierrige Huizing binnen sân minuten twa kear giel krige, hat hy gjin minút mear spile. "Dat hat my net goed dien. Ik ha folgjende wike in petear mei Streppel. Ik moat wol spylje, dus sjoch ik wol nei de opsje fan ferhieren."

Hearrenfean lûkt Deensk jeugdinternational oan

Freedtemiddei hat Emil Frederiksen in kontrakt tekene foar 2,5 jier. Frederiksen komt fan Viborg en is jeugdinternational foar Denemarken.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
(advertinsje)
(advertinsje)