Isabelle Diks skoot plakje nei ûnderen

Isabelle Diks © Omrop Fryslân, René Koster
De Ljouwerter wethâlder Isabelle Diks skoot in plakje nei ûnderen op de list fan GrienLinks foar de Twadde Keamerferkiezings. Diks stie op it achttjinde plak, mar is no njoggentjinde. Dat komt omdat de leden yn in referindum Liesbeth van Tongeren noch op de list stimd hawwe.
It wie foar it earst dat de leden op sa'n wize de list beynfloedzje koene. Rom in tredde fan de leden hat dêr gebrûk fan makke. Diks seit yn in reaksje op Twitter graach in plakje op te skowen, om romte te meitsjen foar Liesbeth van Tongeren. Sy stiet op it sechde plak.