900 ideeën yntsjinne foar nije gemeentenamme

15 des 2016 - 17:50
De boargemasters Waanders (Dongeradiel), Van den Berg (Ferwerderadiel) en Bilker (Kollumerlân)

Der binne hast 900 nammen ynstjoerd foar de nij gemeente dy't ûntstiet nei de fúzje fan Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân. Tongersdei wie de lêste dei dat der noch suggestjes dien wurde koene.

De spesjale kommisje dy't him oer de nije namme bûcht, besjocht no oft de foarstellen geskikt binne en oft se wol oan de regels foldogge foar nije gemeentenammen. Der wurde trije útkeazen, dêr't ynwenners op stimme kinne.

(advertinsje)
(advertinsje)