Wurkstraf foar Feanster direkteur fanwege belestingfraude

Justysje © Omrop Fryslân
Tsjin de direkteur fan in geveltechnykbedriuw op It Hearrenfean is tongersdei in wurkstraf fan 240 oeren easke fanwege belestingfraude. De man soe neffens justysje ek in boete fan 20.000 euro en in selstraf ûnder betingst fan in jier krije moatte. It bedriuw fan de man gie hast fjouwer jier lyn fallyt.
Neffens justysje hat de belestingtsjinst yn de jierren dêrfoar net de goede gegevens krigen, sadat der in heal miljoen euro te min omsetbelesting betelle waard.
De fertochte hâldt it sels op twa ton en hy seit dat dat komt troch de problemen mei syn bedriuw.