"Minder melke is gjin opsje, dus der giet jongfee fuort"

15 des 2016 - 16:50

No't it kabinet ôfspraken makke hat mei de melkfeehâlderij oer it werombringen fan de fosfaatproduksje, moatte boeren oan de bak. Neffens it akkoart kinne boeren dy't net genôch lân ha om alle dong út te riden, kieze tusken minder kij of minder molke produsearje.

Foar maatskip Sijbrandij fan Goaiïngea is it wol dúdlik: "Molke is ynkommen, dus we ferkeapje jongfee".

Ungerêste boeren, plannen dy't by de Europeeske kommisje sneuvelje, geheim oerlis, topoerlis en no úteinlik is der dizze wike in knoop trochhakke oer hoe't it fierder moat mei it werombringen fan it fosfaat dat de lânbou produsearret. Mei it ferdwinen fan de molkekwota is der troch in soad melkfeehâlders ynvestearre yn mear kij en grutte stâlen. Dat hat tefolle dong en dus ek fosfaat opsmiten as tastien en ôfpraten wie. Neffens it akkoart dat der no leit, kinne boeren dy't net foldwaande greide ha om alle dong út te riden, kieze tusken minder kij of minder molke produsearje. Der liket genôch stipe foar de plannen te wêzen.

Heit en soan Sijbrandij út Goaiïngea hawwe ek in nije stâl sette litten en dus flink ynvestearre. Se binne dan ek net fan plan om kij fuort te dwaan, want se wolle net minder molke leverje. Molke is ynkommen. Der sit dan ek neat oars op as jongfee te ferkeapjen. Omdat in hiel soad boeren foar itselde stean, sille de prizen wol sakje, mar "linksom of rjochtsom, beide kearen kostet it jild", sa seit Wiebe Sijbrandij.

Trefwurden: 
fosfaatregeling jongfee
(Advertinsje)
(Advertinsje)