Veiligheidsregio: "Tal deade fûgels bliuwt gelyk"

15 des 2016 - 16:47
Foto: Omrop Fryslân, Alle Faber

It tal deade fûgels dat alle dagen yn Fryslân fûn wurdt, bliuwt gelyk. Dat seit de Veiligheidsregio Fryslân. Yn ferbân mei de fûgelgryp binne meiwurkers fan ûnder oare it Wetterskip alle dagen it fjild yn om se op te romjen. Der binne sûnt tiisdei wer sa'n 200 deade fûgels fûn en dat bringt de teller oant no ta op 1600.

Minsken dy't te kuierjen wolle, wurdt frege om as it heal kin út it fjild wei te bliuwen. Dan is de kâns it grutst dat de fûgels op ien plak bliuwe en sa de gryp net ferspriede.

Oant no ta is it firus benammen by smjunten oantroffen.

Trefwurden: 
Fûgelgryp deade fûgels
(Advertinsje)
(Advertinsje)