Gemeenteloket yn 'De Klameare' yn Warkum giet ticht

15 des 2016 - 15:59
Gemeente Súdwest-Fryslân

It gemeenteloket yn 'De Klameare' yn Warkum giet ticht, omdat der net genôch minsken komme. Gemiddeld kamen der alve minsken yn de moanne en dat is te min, seit de gemeente Súdwest-Fryslân.

Foar wa't it lestich is om nei it loket yn Snits of Boalsert te gean, hat de gemeente wol in oplossing, sy kinne thús help krije. En der kin hieltiten mear fia ynternet regele wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)