Nije namme foar besikerssintrum by Ofslútdyk

15 des 2016 - 15:58
Toeristen op de Ofslútdyk

'Afsluitdijk Wadden Center' wurdt de nije namme fan it besikerssintrum foar toeristen dat by Koarnwertersân komme moat. It besikerssintrum moat derfoar soargje dat der mear toeristen nei de Ofslútdyk komme. Dat binne der no 300.000 it jier, mar ûnder oare de provinsje en de gemeente Súdwest-Fryslân fine dat dat der mear wurde moatte. It Afsluitdijk Wadden Center moat yn de maitiid fan 2018 iepengean.

(Advertinsje)
(Advertinsje)