Provinsje jout 1 miljoen euro foar bou Biobase Center

De provinsje stekt ien miljoen euro yn de bou fan in Biobase Center op it Ecomunitypark yn Easterwâlde. Yn dat sintrum wurkje bedriuwen en studinten mei-inoar gear om nije produkten te betinken dy't passe yn in biobased economy. Yn sa'n ekonomy brûkst gjin oalje en gas mear, mar biomassa en biobrânstof. Dy wurde helle út bygelyks grien ôffal.
De provinsje fynt it Biobase Center yn Easterwâlde foaral in goed idee fanwege de gearwurking fan ûnderwiis en bedriuwslibben. It is ek de bedoeling dat it sintrum oare duorsume bedriuwen lûkt.
Foar it Biobase Center is yn totaal 3,1 miljoen euro nedich. It plan is dat it yn 2018 iepengiet.
Deputearre Sander de Rouwe: "Het Biobase Center is een mooi initiatief om onderwijs en bedrijfsleven beter op elkaar aan te laten sluiten. Belangrijk is dat het Friese mkb hiervan profiteert. Ondernemers maken gebruik van de denkkracht en structuur van scholen. Op haar beurt kan het onderwijs uit de nieuwste kennis en inzichten van het bedrijfsleven putten."