Hûnehanneler út Drachten noch twa wike langer fêst

© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
De man dy't yn Holwert in friezer fol mei deade hûntsjes hie, bliuwt yn alle gefallen noch twa wike langer fêstsitten. Dat hat de rjochter tongersdei bepaald. Yn de loads sieten ek 25 libjende hûnen en pups. De man wurdt derfan fertocht dat er de papieren fan de hûntsjes ferfalske hat.
De plysje kaam him op it spoar nei tips fan minsken dy't in hûn by him kocht hiene. Dy hûnen gongen binnen in pear dagen dea.