Ferkear kin nije wike in nacht net oer de N31

15 des 2016 - 14:46
Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

De N31 by Harns is takom wike yn de nacht fan moandei op tiisdei ticht tusken de Kimswerderdyk oant Mullum ta. It asfalt moat foar in part ferfongen wurde en de markearing wurdt ek oanpakt.

De dyk giet jûns om 20.00 oere ticht en giet de oare moarns betiid om 5.00 oere wer iepen. Yn de tuskentiid wurdt it ferkear omlaat.

Trefwurden: 
N31 Harns Kimswerterdyk Mullum
(advertinsje)
(advertinsje)