De Rottefalle kin nije wike yn it nije doarpshûs

It nije multyfunksjonele sintrum yn De Rottefalle is hast klear. De doarpsbewenners hawwe de kaai krigen fan de boufakkers en binne no drok dwaande mei de lêste putsjes. Ein nije wike moat it measte wol klear wêze, want dan wolle de earste brûkers deryn.
It is net samar in MFC, fynt foarsitter Joop Mast fan de stichting Dorpshuis Rottevalle. Neffens him is it unyk dat de beide skoallen yn it doarp tegearre mei it pjutteboartersplak en de BSO (Buitenschoolse opvang) in plakje krije yn it nije gebou.
Ek foar de âlderein is der romte makke. "Wy wenje hjir yn in krimpregio. Mei dit gebou wolle wy minsken fan alle leeftiden in plak jaan sadat it doarp de kommende jierren foar elk leefber bliuwt" sa seit Mast.
By de bou is gebrûk makke fan it 'Cradle to Cradle' prinsipe. Dat wol sizze dat der hast allinnich mar hout en stiel brûkt is. It idee hjirachter is dat dizze materialen tige duorsum binne, recycle wurde kinne en sa gjin minne ynfloed hawwe op it miljeu.
De nije namme fan it MFC is noch net bekend. Dy wurdt takom wike bekend makke oan de ynwenners fan De Rottefalle. Joop Mast wit de namme wol. "Ik fyn it in prachtige namme. Mar fierder fertel ik neat" sa seit er.