Museumhaven moat Dokkum mear sfear jaan

Dokkum krijt lang om let in Museumhaven. Dat betsjut dat skippen yn de wintermoannen fergees oanlizze meie oan it Dokkumer Grutdjip. De oanwêzichheid fan skippen moat soargje foar mear sfear yn de stêd.
De gemeente hopet Dokkum better op de kaart te setten as wettersportstêd mei de Museumhaven. "Mar it giet benammen om de sfear", sa seit wethâlder Pieter Braaksma.
Foar Braaksma komt in grutte dream út. Hy woe al langer mear skippen hawwe yn Dokkum yn de winter. Mar oant no ta mochten de skippen dêr allinnich lizze en net bewenne wurde.
De gemeente jout dêr no wol tastemming foar. Op dit stuit lizze der twa skûtsjes en in frachtskip yn it wetter fan it Dokkumer Grutdjip. Mar der is noch plak foar mear.