It meast ferskriklike Fryske wurd fan 2016? Dat is 'wiif'

15 des 2016 - 12:08

It wurd 'wiif' is troch de folgers fan Praat mar Frysk as it meast ferskriklike Fryske wurd fan 2016 keazen. Nei in oprop krige de Afûk hûnderten reaksjes. Oare wurden dy't ynstjoerd waarden, binne ûnder oaren pipegaaltsje, farsk en sûkelarje.

Mar ek plaknammen as De Jouwer en Ljouwert waarden neamd. "En spitich foar Kulturele Haadstêd, mar minsken binne ek klear mei 'mienskip'", seit Sito Wijngaarden fan Praat mar Frysk.

Hollanismen

Hy sette de ferkiezing ferline wike op fersyk fan Omrop Fryslân op, nei in radiopetear oer it meast yrritante Nederlânske wurd (diervriendelijk vlees). De ferkiezing wie in proef, en dy slagge. Der kamen hûnderten reaksjes op. "Minsken steure har ek bot oan Hollanismen en it omdraaien fan tiidwurden, sa die bliken", seit Wijngaarden.

Respektleas en âlderwetsk

De winner, 'wiif', is neffens de stimmers "respektleas en âlderwetsk". Neist 'wiif' steane de folgjende wurden yn de top 5: koarje, nútsjesmoar, iepenbier ferfier en pjutteboartersplak.

As it oan Wijngaarden leit, komt der takom jier wer in ferkiezing fan it meast ferskriklike Fryske wurd.

(advertinsje)