Germ de Jong is de nije trainer fan Snits Wyt Swart

15 des 2016 - 11:36
Logo VV Snits Wyt Swart - Foto: Omrop Fryslân

Germ de Jong fan Snits wurdt takom seizoen trainer fan haadklasse-fuotbalklup Snits Wyt Swart. Hy folget Berry Zandink op, dy't in ôfrinnend kontrakt hat.

De Jong tekenet in kontrakt foar ien jier by Snits Wyt Swart. Op it stuit is hy trainer fan twaddeklasser CVVO fan De Lemmer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)