Gemeente en swimbad prate yn jannewaris fierder oer kontrakt

15 des 2016 - 10:49
Besikers wurde warskôge foar de drokte - Foto: Omrop Fryslân, Geert van Tuinen

It bestjoer fan de stichting Zwem- en Recreatiebad De Stiennen Flier op 'e Jouwer hat in 'konstruktyf petear' hân mei de gemeente. Woansdei hat it bestjoer om tafel west mei it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan De Fryske Marren.

De gemeente wol per 1 jannewaris 2018 it kontrakt mei swimbad Swim Fun en de sporthal dêrneist opsizze. Se fine dat de feilichheid net goed regele is by it swimbad. 

Utbater Theunis Braaksma fan it swimbad is wiis mei it petear fan woansdei: "It giet om in fertrouwenskwestje, dat kinne je allinnich mar oplosse troch te praten mei mekoar."

Yn jannewaris stiet dêrom in twadde petear pland.

(Advertinsje)
(Advertinsje)