Alderen moatte it faker dwaan mei in leech ynkommen

15 des 2016 - 10:36

Benammen âldere senioaren hawwe faak in leech ynkommen. Dat konkludearret it FSP, it Fries Sociaal Planbureau. It hat ûndersyk dien nei ynkommenssifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS). Hast de helte fan de 75-plushúshâldens yn Fryslân hat in belestber ynkommen yn de leechste ynkommensgroep.

It giet dan om in ynkommen oant 22.000 euro. Foar minsken fan 64 oant 75 jier jildt dat foar mar in kwart fan de húshâldens. Yn fergelyk mei de rest fan it lân, hawwe senioaren yn Fryslân gemiddeld krekt in wat leger ynkommen.

Oplieding is bepalend

Dochs libje senioaren hjir minder faak yn earmoede as jongere minsken en hawwe se it measte fermogen. De oplieding is bepalend foar it ynkommen. Senioaren mei in middelbere of hege oplieding hawwe in ynkommen dêr't se goed fan rûnkomme kinne.

Alderen dy't gjin of kwealik oplieding hân hawwe, moatte it dwaan mei in leech ynkommen. Sy hawwe faak allinnich AOW, somtiden oanfolle mei in lyts pensjoen. Benammen allinnichsteande âldere froulju hawwe faak in leech ynkommen.

(advertinsje)
(advertinsje)