Tal Friezen mei in WW-útkearing giet wer omleech

15 des 2016 - 08:41

It tal minsken mei in WW-útkearing yn Fryslân bliuwt ôfnimmen. Ein novimber wiene it der goed 17.500, dik 350 minder as in jier lyn. Benammen yn de bou en útstjoerbrânzje giet it better. De delgong komt benammen troch it oanhâldende ekonomysk herstel, seit útkearingsynstânsje UWV.

5,3 prosint fan de beropsbefolking yn Fryslân hat no in WW-útkearing, lanlik is dat 4,6 prosint. De delgong yn Fryslân is grutter as dy yn Grinslân en Drinte. Dêr is it oantal WW-útkearings yn novimber sawat gelyk bleaun yn fergelyk mei in jier earder.

It Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS) makke tongersdei ek noch bekend dat de wurkleazens ek omleech giet. Foar it earst sûnt 2012 sitte lanlik minder as in heal miljoen minsken sûnder wurk.

Trefwurden: 
WW-útkearing UWV
(Advertinsje)
(Advertinsje)