Kollum: "Krityk"

15 des 2016 - 08:27

Botte Jellema is freelance sjoernalist en wurket foar ferskate omroppen op Radio 1 en foar Omrop Fryslân. Hy komt út Loaiïngea en wennet yn Amsterdam. De kollums fan Botte gean oer wat hy meimakket en wat him fernuveret yn it deistich libben en yn de media. Hy is te folgjen op Twitter.

"Goeiemoarn Jacob. Ik moat dy wat fertelle. Ik bin blokt troch Geert Wilders.

Op Twitter kin ik Geert Wilders net mear folgje.Hy hat my blokkearre en ik kin syn tweets net mear sjen. Ik bin der kapot fan. Nee, dat bin ik net.

It kin my net safolle skele, want wannear't ik mysels útloch op Twitter, kin ik al syn tweets wol gewoan sjen. Twa mûsklikken. Dus it is heechút ûnkomfortabel, mar echt beheind yn myn pogingen ynformaasje te finen bin ik net.

Der kinne twa oanliedingen wêze foar Wilders om my te blokken. De earste is dat ik ferline wike op dit plak Martin Bosma fan de PVV oanpakte. Dus miskien sit Wilders alle tongersdeis foar syn DAB-tastel klear om te harkjen nei Fryslân fan ‘e moarn.

De twadde kin wêze dat ik in pear dagen lyn wat fan him retweete; ik sitearre in tweet fan him mei in krityske opmerking.

Wilders twittere in cartoon. In blond mantsje, dat in soad hat fan president-elect Donald Trump stiet links. Foar him in telefyzjeploech, sjoernalisten. Trump smyt der in baseball oerhinne, en op de baseball stiet skreaun ‘Social Media’. De sjoernalisten sjogge fernuvere nei de bal, dy’t opfongen wurdt troch in mantsje yn in leunstoel. It publyk dus.

Trump hat syn hekel oan sjoernalisten faak útsprutsen.

Dat sei hy ûnder oaren yn Pennsylvania yn syn kampanje: de media beynfloedzje it systeem, en net yn it foardiel fan him. Twitter is en wie foar Trump hiel belangryk. Sa’t Trump it docht, docht Wilders it ek. Dat is it boadskip fan de cartoon yn Wilders tweet.

Mar hy hie der boppe setten: ‘Never trust the press’. Fertrou nea de parse. Dat is net wat de cartoon útdrukt, mar it boadskip fan Wilders is dúdlik: lês allinnich myn twitteraccount en leau net wat sjoernalisten oer my skriuwe.

Ik sitearre dizze tweet en sette der by: ‘Nee sis, foar'tst it wist krigest as politikus in fraach. In krityske, bygelyks.’

Deis dêrnei blokte Geert Wilders my. Ik tink dat dizze sjoernalist al te kritysk wie foar him. Ik moat in bytsje laitsje om it lege gebear fan in ‘block’ op Twitter. Mar hielendal betsjuttingsleas is dit yn myn eagen net. It rekket de kearn fan de saak: ik, as sjoernalist, benaderje in politikus kritysk, in politikus dy’t heech yn de peilingen stiet, en wurd blockt. Dit is op Twitter, mar yn it echt krij ik ek gjin tagong ta de PVV, lit stean Wilders. Hy wegeret ynterviews.

Dit is wat Wilders sei nei syn feroardieling foarige wike, oer de ‘minder minder’-útspraak…

“Mensen voelen zich niet meer vertegenwoordigd door al die wereldvreemde politici, rechters en journalisten, die ons volk al zo lang schaden en ons land niet sterker, maar alleen maar zwakker maken.”

It is mar in lyts sintsje. Mar sjoernalisten wurde fuortsetten as "wereldvreemd", en dêrmei diskwalifisearret Wilders sjoernalisten.

Mar sjoernalisten ha in funksje yn in demokrasy. It is hast frjemd om it yn Nederlân te sizzen, mar we moatte oppasse. Ik sis net dat alle sjoernalisten alles goed dogge, mar der is gjin inkelde beropsgroep dy’t himsels sa de maat nimt as sjoernalisten. Boppedat kinne je altyd mei se yn petear.

Ik fyn dat je as bestjoerder of politikus net samar sizze kinne ‘Never trust the press’. Hast wat te ferbergjen, Geert? Wat wolst dan net dat de parse oer dy ûntdekt? Kinst net oer krityk? Asto net oer krityk kinst, bisto dan wol geskikt foar watsto wolst: premier wurde fan Nederlân? Of bin ik no te kritysk?

Mar ik preekje foar eigen parochy, want it soe al nuver wêze dat je de pers net mear leauwe, mar al nei Omrop Fryslân harkje."

Trefwurden: 
De Toan fan Botte Jellema
(Advertinsje)
(Advertinsje)