Frjemde ljochten en bistelûden yn de binnenstêd fan Ljouwert

14 des 2016 - 22:55

Keunstners en designers út binnen- en bûtenlân sette tongersdeitemiddei útein mei it nije LUNA-festival foar ljocht en lûd yn Ljouwert. Dat bart mei it sjen litten fan in saneamde 'video-mapping' fan Alma Tadema op de gevel fan it Paleis fan Justysje oan it Saailân.

Der binne lykwols mear plakken yn de binnenstêd dêr't it ien en oar te belibjen is; fyftjin om krekt te wêzen. It wurdt yn it Ingelsk in 'urban adventure' neamd. Der is in rûte ûntwikkele om by de ferskate ljochtkeunstwurken del te kuierjen.

It giet hjir noch om in proef foar dit nije festival. It duorret oant en mei sneon. Woansdeitejûn is ien en oar testen.

Trefwurden: 
Lunafestival Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)