Socht: Jongerein dy't digitale keunst meitsje wolle

14 des 2016 - 21:48
Foto: ANP

Mei digitale middels keunst meitsje. Musea yn Opsterlân en Hearrenfean, skouboarch De Lawei en stichting De Educatieve Studio wolle jongeren hjir ta útdaagje. De keunst moat sjen litten wurde oan takomstige generaasjes. Digitale fotografy, cyberpoëzy, virtual reality, motion graphics, en 3D printsjen, alles kin.

Studinten fan de NHL en Minerva sille de jongeren dy't meidwaan wolle, helpe. De úteinlike eksposysje wurdt ek digitaal fêstlein. It provinsjale Iepen Mienskipsfûns hat 35.000 euro beskikber steld foar it projekt.

Trefwurden: 
keunst digitale keunst
(Advertinsje)
(Advertinsje)