Hieltyd mear mokselbanken op it Waad

Op it Waad binne op it stuit in hiel soad nije mokselbanken te finen, sa seit ûnder oaren de Waddenunit fan it ministearje fan ekonomyske saken. Dat hat nei alle gedachten te krijen mei it feit dat der dit jier in hiel soad mokselsied by kaam.
Mokselsied bestiet út hiele lytse mokseltsjes. Der is jierren wurke oan it werstel fan de mokselbanken en dan foaral dy op drûchfallende platen. Dêrfan is earder in hiel soad ferdwûn; nei alle gedachten troch de fiskerij op moksels.
Kwetsber
Troch alternative metoaden is de fiskerijdruk no in stik leger. It werstel is noch wol hiel kwetsber, want troch in stoarm kin der samar wer in soad fuortspiele. Wat helpt is dat moksels hieltiten mear in plakje fine tusken de Japanske oesters.
Mokselbanken binne hiel wichtich omdat sy soargje foar in soad lyts libben dêr't ûnder oare fûgels en fisken fan libje.