Twa jier sel easke foar machete-oanfal

© ANP XTRA
Foar it swaaien mei in skerpe machete is tsjin in 28-jierrige Drachtster twa jier finzenisstraf easke. De offisier fan justysje giet út fan poging ta deaslach. In 33-jierrige Drachtster ferlear by it ynsidint hast twa fingers. Hy woe foarkomme dat it mes syn holle rekke en hâlde syn hân derfoar. Beide fingers hongen neffens in tsjûge noch mar oan in lyts feltsje. De man moast seis oeren operearre wurde. Hy hat noch hieltyd pine oan syn hân.
Njonken de twa jier selstraf easke de offisier ek noch oardiel jier selstraf ûnder betingst. Oer twa wiken docht de rjochter útspraak.