Dútske ytpiraat opnij pakt yn Ljouwert

14 des 2016 - 20:19
Menukaart restaurant

In 45-jierrige Dútske ytpiraat hat op 'e nij taslein yn Fryslân. De man wie begjin desimber by it Fries Museum. Hy hie foar 30 euro iten en drinken hân, mar rûn fuort sûnder te beteljen. In meiwurker spruts him dêr op oan. De Dútser hie gjin jild by him en koe dus net betelje. Foar de rjochtbank yn Assen is hy feroardiele ta in moanne selstraf.

De man swalket sûnder ynkommen troch Nederlân. Hy wie earder ek al yn in restaurant oan de Stasjonswei yn Ljouwert. Hy is hjirfoar ta trije wiken sel feroardiele, mar is yn heger berop gien.

Trefwurden: 
ytpiraat Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)