App ynset tsjin fûgelgryp

© ANP
Meiwurkers fan Wetterskip Fryslân meitsje sûnt woansdei gebrûk fan in spesjale app op de telefoan wêryn't se gegevens oer de fûgelgryp ynfiere kinne. Sa kin hiel gau sjoen wurde wat de aktuele stân fan saken is. Ek gemeenten en natuerorganisaasjes kinne fan de app gebrûk meitsje.
Ek woansdei is wer socht nei sike en deade fûgels. Lykas oare dagen binne der wer sa'n 200 fûn. De kommende dagen sil dêrom noch fierder socht wurde.