Nije keuringsynstânsje foar de binnenfeart

14 des 2016 - 19:06

De binnenfeart krijt der in nije keuringsynstânsje by: it Bureau Scheepvaart Certificering (BSC). De 30-jierrige Robin Hoekstra fan Grou is ien fan de eigeners fan it nije bedriuw. BSC is de tredde ynstânsje njonken Register Holland en NBKB dy't de keuringen en sertifisearring fan binnenfeartskippen dwaan mei.

Amicitia

Hoekstra is berne op in binnenfeartskip en hat earder by Register Holland wurke. Op dit stuit is der in soad te dwaan oer keuringen fan skippen. Op 21 augustus kamen der trije Dútske toeristen om it libben by in ûngelok op de twamêster Amicitia yn de haven fan Harns. De mêst wie ferrotte en bruts ôf.

De earste keuring fan it Bureau Scheepvaart Certificering wie by Galamadammen op it sylskip 'Ortolan' fan eigener Henk de Vries. Dy is bliid mei Robin Hoekstra en ko-eigener Lydia Groot.

(Advertinsje)
(Advertinsje)