Al ûntmantele himpkwekerij yn Grou ûntdutsen

14 des 2016 - 16:47
Foto: Omrop Fryslân

Yn in wenning op it Brêgepaad yn Grou is woansdei in al ûntmantele himpkwekerij ûntdutsen. Op de souder fan de wenning binne 224 lege potten mei ierde fûn. Mooglik hat de opbringst fan de kwekerij 18.000 euro west. Hjir is in rapport fan opmakke. De stroom yn it hûs waard yllegaal ôftape. De 22-jierrige bewenner is oanhâlden.

Trefwurden: 
Grou himpkwekerij
(Advertinsje)
(Advertinsje)