Al 80.000 besikers foar Alma Tadema

14 des 2016 - 16:47
'Mozes gevonden!' fan Sir Lawrence Alma-Tadema

De tentoanstelling oer Alma Tadema yn it Fries Museum hat oant no ta al mear as 80.000 besikers lutsen. Dy wurdearje de tentoanstelling gemiddeld mei in 8.6. Dat is it heechste sifer dat it Fries Museum oant no ta foar in tentoanstelling krige. Ek it oantal fan 80.000 besikers waard noch nea earder yn sa'n koarte perioade helle.

It museum hat ek besjoen wêr't de besikers wei komme: foar tachtich prosint jildt dat se fan bûten Fryslân komme.

De tentoanstelling rint noch oant en mei 7 febrewaris.

Trefwurden: 
Alma Tadema Fries Museum
(Advertinsje)
(Advertinsje)