Gjin maatregels tsjin berne-opfang yn Winsum

14 des 2016 - 16:44
Foto: ANP

De gemeente Littenseradiel sil gjin maatregels nimme tsjin berne-opfang It Pikepôltsje yn Winsum. By in besite fan de ynspeksje die bliken dat de binnenromte neffens de regels tweintich kante sintimeter te lyts is foar de sechtjin bern dy't der opfongen wurde. Der is besjoen oft ien fan de bern nei in oar plak koe, mar dat is net slagge. Omdat it mar om in lyts ferskil giet, sil de gemeente der net tsjin optrede.

De ynspeksje hie ek opmerkingen oer it hanwaskjen fan de bern foar it iten. Dat waard om praktyske redenen yn in tobke dien, mar dat is ek net neffens de regels. De berne-opfang sil dêrom de hannen op in oare manier waskje, bygelyks ûnder de kraan.

(Advertinsje)
(Advertinsje)