Legere selstraf foar 19-jierrige kopskopper

14 des 2016 - 16:40
Justysje - Foto: Omrop Fryslân

In 19-jierrige man út Tytsjerksteradiel hat in finzenisstraf krigen fan in heal jier en in heal jier ûnder betingst, om't er yn augustus op it Saailân yn Ljouwert in man tsjin de holle skopte. Neffens tsjûgen skopte de man sa fûl dat it like as soe er in bal 40 meter fuorttraapje. It slachtoffer rûn in brutsen noas, eachkas en jokbonke op.

De offisier fan justysje hie oardel jier sel easke, wêrfan in healjier ûnder betingst. De rjochter gie dêr woansdei lykwols net yn mei.

Autisme en ADHD

Dêrby spile mei dat de fertochte noch mar 19 jier is. Ek soe hy fermindere tarekkenber wêze, omdat hy in lichte foarm fan autisme hat en ADHD. De man moat him wol ferplicht behannelje litte by de forensyske psychiatry.

(Advertinsje)
(Advertinsje)