Hoogland út Ferwert wint de Gouden Hef

It Fryske famyljebedriuw Hoogland B.V. út Ferwert hat de Gouden Hef wûn. De priis is woansdei by de iepening fan de Lânboubeurs yn Ljouwert útrikt. De priis is foar it meast fernijende produkt dat op de beurs te sjen is. It giet om it produkt Alkagrain. Dit is in aaiwyt ferfangend bistefoerprodukt. Neffens de sjuery is it "Een briljant alternatief voor de geïmporteerde Amerikaanse soja, met direct voordeel voor iedere melkveehouder". It is duorsum, better foar de ko en der sitte minder fosfaten yn as yn soaja.
Alkagrain leveret dêrmei ek in bydrage oan it oplossen fan de dongproblematyk. Wat neffens de sjuery ek belangryk is, is dat der gebrûk makke wurdt fan grûnstoffen út eigen lân. Der wiene yn totaal 23 ynnovative produkten foar de priis nominearre.