"Goeie hoop op kontrakt VGZ en MCL"

14 des 2016 - 16:25
It MCL yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Soarchfersekerder VGZ hâldt goeie hoop op in kontrakt mei it sikehûs MCL yn Ljouwert. Der wurdt op dit stuit noch folop ûnderhannele. Dat seit wurdfierder Jaap de Bruijn fan VGZ. Hy reagearret op berjochten fan it MCL woansdei. It sikehûs warskôget dat klanten fan VGZ takom jier mooglik sels de rekken thús krije en dêr in part sels fan betelje moatte, omdat der noch hieltyd gjin kontrakt is.

Unrêst

Neffens De Bruijn soarget dy opmerking foar ûnnedige ûnrêst. Hy seit dat it VGZ is dy't dêr in beslút oer nimt en net it MCL. Hy hopet dat klanten fan VGZ mei de helpdesk belje, as sy twivel hawwe oer har fersekering.

Eigen personiel

Opmerklik is dat in grut diel fan it personiel fan it MCL sels by IZZ fersekere is, in ûnderdiel fan VGZ. It personiel soe takom jier net yn it eigen sikehûs terjochte kinne, as der net in kontrakt komt.

Woansdeitemiddei waard bekend dat de Fryske sikehuzen de kontrakten foar takom jier noch net rûn hawwe.

(Advertinsje)
(Advertinsje)