FIDEO: Hoe begeliedt Tinz by de soarch fan deminte minsken?

14 des 2016 - 15:43

Alvetûzen Friezen binne op it stuit demint. Yn 2040 is dat oantal ferdûbele. It is in fertrietlik proses foar de âldere sels en ek de famylje. Yn de tredde ôflevering fan ús rige oer soarch sjogge we hoe't de organisaasje Tinz minsken begeliedt dy't mei demintens te krijen hawwe. Tinz bestiet fiif jier, mar wurdt op 1 jannewaris opheft. De casemanagers komme dan te wurkjen by de ferskate soarchorganisaasjes. Lies Schippers is casemanager. Simone Scheffer folget har yn har wurk.

De soarch is dizze wike it tema yn de útstjoeringen fan Fryslân Hjoed. Troch de fergrizing binne hieltyd mear minsken ôfhinklik fan ferskate foarmen fan soarch. Moandei seagen we yn Stiens by in wenfoarm foar minsken mei demintens. Tiisdei seagen we by de thússoarch. De lêste bydrage op woansdei giet oer it wurk fan Lies Schippers, se wurket by Tinz.

Trefwurden: 
soarch TinZ demintens
(Advertinsje)
(Advertinsje)