FIDEO: Lânboubeurs yn it WTC yn Ljouwert
It WTC-Expo yn Ljouwert is dizze dagen it toaniel fan de lânboubeurs, mei 45.000 kante meter is der fan alles te finen. Dit jier binne der sa'n 250 eksposanten dy't de nijste apparatuer en masines meinaam ha. Njonken de trekkers is der in soad omtinken foar fernijing, lykas it wurkjen mei drones. De lânboubeurs duorret noch oant en mei sneon.