Sarah is tûzenste poppe yn Antonius sikehûs

14 des 2016 - 14:40
Sarah is de tûzenste Antonius-poppe fan 2016 - Foto: mijnantonius.nl

Yn it Antonius sikehûs yn Snits is de tûzenste poppe fan 2016 berne. De famylje Venema út Ealahuzen krige tiisdeitemoarn in sûne dochter, Sarah. It tal poppen dat yn it Antonius op de wrâld komt, is de ôfrûne jierren tanaam, seit it sikehûs. Om de bertesoarch ek foar de takomst te garandearjen wurdt de ôfdieling ferloskunde yn 2017 flink modernisearre.

Trefwurden: 
Antonius sikehûs poppe
(Advertinsje)
(Advertinsje)