Dyk by Wjelsryp ôfsletten nei ûngelok mei frachtwein

14 des 2016 - 14:31
Foto: Kappers Media

De N384 by Wjelsryp is woansdeitemiddei ôfsletten nei in ûngelok mei in frachtwein. De sjauffeur rekke mei syn frachtwein yn de berm en koe de wein net mear op de dyk hâlde. De frachtwein glied troch de sêfte berm en kaam yn in sleat ta stilstân. De bestjoerder koe sels út de kabine komme en rekke net ferwûne. Fanwege de berging is de dyk yn beide rjochtingen ôfsletten. De berging sil noch wol in skoft duorje.

Trefwurden: 
Wjelsryp ûngelok
(Advertinsje)
(Advertinsje)