UPDATE: Bommelding by OBS De Swetten yn Drachten

14 des 2016 - 14:19

By iepenbiere basisskoalle De Swetten oan de Kuiperssingel yn Drachten is woansdei om it middeisoere hinne in bommelding binnenkaam. De lieding fan de skoalle hat it gebou fuortendaliks nei de telefoanyske melding ûntromme. Neffens de plysje is dit tige goed ferrûn. De plysje hat de strjitten om de skoalle hinne ôfsletten.

UPDATE:
De skoalle is wer frijjûn troch de plysje. It skoalgebou is ûndersocht en der binne gjin fertochte saken oantroffen. De plysje sil noch ûndersykje wa't de bommelding dien hat.

Neffens direkteur Durk Meijer is de ûntromming nei de bommelding hiel goed ferrûn. Der binne ek geregeld ûntrommingsoefeningen yn de skoalle. De melder fan de sabeare bom hat net sa'n effektyf momint keazen foar syn aksje. Hy belle twa minuten foar tolven. Om 12 oere soe de skoalle dochs al útgean en op woansdeitemiddei binne de bern frij. 

Trefwurden: 
bommelding skoalle Drachten
(advertinsje)
(advertinsje)